Omloop 6

Nei in dei mei dikke buien en ûnfoech hurde wyn joech ik der justerjûn net in kwartsje foar dat der in soad minsken komme soene te kompetysje keatsen. Ik seach fan te foaren noch efkes op “buienradar” en seach dat ik wol droech bliuwe soe mar de wyn wie noch hieltyd hurd en it wie eins gjin waar om te keatsen.

Út fatsoen wie ik om sân oere by it hokje en lei ik trije perken. Mar al gau kamen der minsken it fjild op en bij nammen in soad jeugd. Al gau stienen der 19 minsken op in nammen listje en koe ik de partoeren yndiele. Der moast wol efkes in per bij! Ik stribje der altyd nei om de partoeren safolle mooglik in lykwicht te krijen en somtiden falt dat net ta. In it earste perk keatsten Arjen Talsma tegearre mei Bregt Arendz in drege partij tsjin Jenny Terpstra en Gjalt de Groot. It wurde 5-5 en 2-6. In twadde perk wie it domein fan Nynke Wiedijk en Martin Visser tsjin Dayna de Boer en Amarins de Groot. Ek dizze partij gong lang lyk op mar úteinlik koene Nynke en Martin it net folhâlde 4-5 en 6-6. It tredde perk mei Reinder Bonekamp en Wisse Arendz tsjin Jouke Bonekamp, Klaas van der Veen en Ytsje Koops keatsen ek al moai mei mekoar. Mei 5-4 en 6-4 wûn it twatal. En dan it fjirde perk. Deryn keatsen Jelmer van der Valk, Jehannes Arendz en Jan Dik Slob tsjin Halbe van der Valk, Jan Watze Wiersma en Hans de Boer. It partoer fan Jelmer stie al gau twa buordsjes foar mar like gau wie it ek wer gelyk. Sa gong it wat op en del oant it partoer fan Halbe útrûn nei 5-3 foarsprong. Mar de oaren kamen werom en hellen it op nei 5-5. Mei 4-6 gong de winst úteinlik nei nestor fan der Valk. Sa sjogge je mar. Hurde wyn hoech gjin beswier te wezen foar in moaie keatserij.

Geplaatst op 23 June 2012